Aaltsje Ensing-Wagenaar

Share

Alhiel ûnferwachte kaam it berjocht fan it ferstjerren fan ús Earelid Aaltsje Ensing-Wagenaar.

Doe ‘t Aaltsje yn Aldegea kaam te wenjen, rekke se fuortendaliks belutsen by kuorbalferiening KV Quick’21. Dit kaam fansels ek troch har man, Andries Ensing.

Aaltsje hat har altyd foar de klup ynsetten: as spiler, foarsitter, sekretaris en ek binnen in protte kommisjes.
Se wie û.o. ien fan de driuwende krêften efter de rommelmerk en de Quicker.

Mar se trainde ek jierren oanien de pupillen en welpen. Tegearre mei Doete Veenstra, helle se de bern út skoalle wei om dan nei it sportfjild te gean.

Ek har eigen bern gongen nei Quick’21 te kuorbaljen en in pear fan har beppesizzers kuorbalje noch altyd. Tige grutsk siet se mei Andries by it fjild.

Tidens it 60-jierrich jubileum hat se fan it kuorbalbûn it Earebûns-teken krigen en yn 2002 gong Aaltsje mei de “Quick VUT” en waard se Earelid. Se krige doe in spegel mei de tekst: ‘Ofskied nimme, is in bytsje gûle’.

No nimme wy hielendal ôfskied fan har, mar Aaltsje har namme sil binnen KV Quick’21 altyd bestean bliuwe.

Wy winskje Andries, Folkert & Antje Wimke, Harm & Grietsje en de bern in hiele protte sterkte ta.

Reacties zijn gesloten.